Ja, oalje-dom wier de alde dey;
(God mey 'r ues foār bewarje!)
Do barnden lampen de oalje wey,
Now haw' wy goed, dy-sparje!
LICHME.
Ues lichme is aeydop lyck,
Myn freuanen! As wy steārre,
Is 't neat; went 't iiw'ge pyck
Komt uet 'e siel, de deārre.
LJEACHTMIS.
Fy, all'gearr, 't ljeachtmis, ald in ny?
Né, hwat ick lieow, dat lieow ick net:
Dit neam ick sins-forbjustery,
'n Dat 's 't tjusterst tjuster dat min hat.
MAL.
Net altiid in oeral,
Mar is 't net faek 't gefal:
Ien bastert 't mal fen 't mal?
MATTH. 7:21.
O grouel, dy dit wird forjit!
Al: "Heare, Heare!" ropt, mar lit
Al hwat de Heare ues hjir belęste:
Is 'n Heareschreeuwer net op wey--
Węr sa'n ien den belānje mey,
Dy God lit dwaen, om sels to ręsten!?
MINSCEN.
De minscen, weagens lyk,